Man (33) oanhâlden foar stellen kano's

24 jul 2017 - 11:46
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

In 33-jierrige man út de gemeente Dongeradiel is sneon oanhâlden foar it stellen fan twa kano's. Om tsien oere moarns waarden beide kano's meinaam troch de fertochte. In tsjûge koe de plysje fertelle dat de dief yn it Abbingapark yn Ljouwert wêze soe. Dêr koe de plysje de man oanhâlde. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de stellerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)