Man lit pimel sjen oan minderjierrige

24 jul 2017 - 11:39

In 34-jierrige man út Ljouwert is freed oanhâlden foar it toanen fan syn geslachtsdiel oan in minderjierrige. De plysje skeakele Boargernet yn, wêrnei't de man op basis fan it sinjalemint oanhâlden wurde koe yn natoergebiet De Griene Stjer yn Ljouwert. De plysje docht ûndersyk, wêrnei't de fertochte foarlaat wurdt by de rjochter-kommissaris.

(advertinsje)
(advertinsje)