Plysje hâldt fiif minsken oan foar ynbraak It Hearrenfean

24 jul 2017 - 11:00
Foto: ANP

De plysje hat sneintejûn fiif minsken oanhâlden foar in wenningynbraak oan de Montferlandleane op It Hearrenfean. In tsjûge hie sjoen dat de bewenners fuort wiene. Efkes letter seach er in auto mei bûtenlânsk kenteken by de wenning. Der stapten trije minsken út dy't it hûs yngiene. Dêrop belle de tsjûge de plysje. Dy trof de auto oan mei twa minsken der yn.

Ynbrekkersark

Op dat stuit kamen de trije fertochten út de wenning. Sy besochten út te naaien, mar de plysje wist se te pakken. Se hiene ynbrekkersark by har, wêrûnder in brekizer en flink wat kontant jild. Dat is yn beslach naam. Alle fiif fertochten binne oanholden.

Fiif fertochten

It giet om in 32-jierrige man út Amersfoort en fjouwer Kolombianen sûnder fêst wenplak, twa manlju fan 29 jier en in man fan 54 jier en in 34-jierrige frou. Ut fierder ûndersyk mei ûnder oare in plysjehûn die bliken dat de ynbrekkers by noch seker twa oare wenningen oan de Montferlandleane binnen west ha. It is noch net dúdlik oft dêr wat meinaam is.

Kriminele groep

De auto fan de fertochten is ek yn beslach naam. Neffens de plysje giet it om in kriminele groep, dy't fan it iene nei it oare plak lûkt en har skuldich makket oan ferskate misdriuwen. De plysje ûndersiket oft de fertochten by mear ynbraken belutsen binne. Dêrfoar wurdt ûnder oare útsocht oft der brûkbere kamerabylden binne. Mooglik ha de fertochten ek yn Aldskoat west, seit de plysje.

Binne jo tsjûge?

Minsken dy't mear ynformaasje ha of wat fertochts sjoen ha, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
It Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)