Achtbaan Duinen Zathe is wer iepen

De achtbaan yn attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea giet moandeitemoarn wer iepen. Sneintemiddei rekke in frou ferwûne doe't de karkes fan de achtbaan yn it feilichheidssysteem skeaten en ûnferwachte ta stilstân kamen. Ut ûndersyk docht bliken dat der in lytse sensor stikken wie. Dêrtroch waard it feilichheidssysteem aktivearre en gie de achtbaan op 'e rem.
De sensor is yntusken wer makke. De frou hat in pear blauwe plakken en lichte kniezingen oerhâlden oan de needstop. Se siet mei har beppesizzer yn in karke. It famke kaam mei de skrik frij.