Topklasse fier fuort foar Boys

29 maaie 2012 - 23:45

It is sa goed as wis dat Harkemase Boys takom seizoen net yn de topklasse spilet. De Boys ha tiisdeitejûn harren earste neikompetysjeduel kânsleas mei 4-0 ferlern tsjin Kozakken Boys. Nei fjouwer minuten spyljen wie it al 2-0. Nei in reade kaart fier yn de twadde helte fan Harvey Bischop, waard it yn de einfaze noch 4-0. Kommende sneon moat Harkemase Boys yn Werkendam dus minimaal mei fjouwer goals ferskil winne om noch in kâns te meitsjen.

Neffens meardere spilers dy't Omrop Fryslân sprutsen hat, is de seleksje útsplitst yn twa groepen. Rûchwei sein: in Fryske groep en in groep út Grinslân wei. Dat soe mei de oarsaak wêze dat guon spilers net knokke foar de ploech en dat de ploech no sa goed as wis is fan degradaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)