Wetterplysje slingeret hurdfarders op de bon

Wetterplysje (argyffoto) © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De wetterplysje dielde dit wykein meardere bonnen út op de Fryske marren foar hurdfarders. Dêrby wiene ek ferskate boeten foar skippers dy't te jong wiene. De plysje hat útlis jûn oan de âlden fan de bern oer de farregels op it wetter.
Ek warskôge de plysje meardere minsken dy't op eilantsjes oanlein hiene om gjin kampfjoer te meitsjen.