Grutte sykaksje nei ynbrekkers yn Ljouwert

24 jul 2017 - 06:12
Plysjehûn - Foto: ANP

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert in grutte sykaksje hâlden nei't ynbrekkers op 'e die betrape wiene. Dat wie by in bedriuw oan de Archimedeswei yn de stêd. Op alle tagongsdiken stiene plysjes om út te sjen nei de dieders. De plysje sette plysjehûnen en in helikopter yn by de syktocht. De ynbrekkers waarden lykwols net fûn.

De plysje hat ûndersyk dien by it bedriuw dêr't ynbrutsen is. It ûndersyk nei de ynbrekkers giet moandei fierder.

Trefwurden: 
Ljouwert sykaksje ynbrekkerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)