Dit jier minder dielnimmers by Alvestêdewike

24 jul 2017 - 06:00

Der dogge dit jier minder dielnimmers mei oan de 24e edysje fan de alvestêdewike, de Alvestêdetocht foar kano's, roei-, syl- en motorboaten. De oarsaak kin wêze dat de webside fan de organisaasje in skoftke hacke west hat. Yn totaal dogge der dit jier bygelyks 120 kano's en 60 motorboaten en sloepen mei. Foar it earst dogge der ek twa solarboatsjes mei.

De alvestêdewike wurdt ien kear yn de trije jier hâlden. De start is moandeitemoarn yn de Prinsetún. Dêr komme de dielnimmers seis dagen letter, kommende sneon, ek wer oan. De kommissaris fan de Kening Arno Brok sil it startskot jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)