Durk Fabriek: ''Wy hawwe geweldich taslein yn de Tour''

23 jul 2017 - 22:36

''It begjin wie wat dreech, mar wy hawwe yn de twadde helte fan de Tour geweldich taslein.'' Dat seit Dirk Fabriek fan Haulerwyk nei ôfrin fan de lêste etappe fan de ikoanyske Tour de France. Fabriek is fysioterapeut foar it team fan Sunweb en siet de ôfrûne wiken ticht op it fjoer yn Frankryk. Team Sunweb behelle yn totaal fjouwer etappe-oerwinnings: twa foar Matthews en twa foar Barguil. ''Wy hawwe as ploech mear as ferwachte binnen helle'', fertelt er. ''Dit jier is dit it meast helbere. Mei de ploech dy't wy no stean hawwe, meie we net op mear hoopje.''

Nettsjinsteande it sukses fan it team, bliuwt de Haulerwykster kalm. ''It is hartstikke moai, mar je bliuwe der ek nochter by. Ik moat myn wurk gewoan dwaan en ik moat my eins mear rjochtsje op de hurdfytsers dy't it wat minder dogge. Se binne allegearre hiel goed, mar yn 'e holle is it sa no en dan wat minder.''

''Swier genôch''

Hoewol't der fan it publyk út noch wol opmerkingen kamen oer de swierte fan de Tour - it soe dit jier wat te ienfâldich west hawwe - wie dat neffens Fabriek net oan 'e oarder. ''It hat mear as genôch west'', fertelt Fabriek. ''Thús liket is bytiden ienfâldich. Mar 240 kilometer mei 42 gemiddeld, dat is foar net ien maklik. Dizze Tour hat swier genôch west foar de hurdfytsers!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)