Minder natuer oan elkoar fêst

Boeren binne der net rouwich om dat de plannen om troch hiel Fryslân natoergebieten oan elkoar te ferbinen faai steane. Dat seit foarsitter Geart Kooistra fan LTO Noord. Hy sei dit tiisdei op in diskusjejûn fan it Fryske Gea.
Ferline wike freed makke deputearre Kramer bekend dat Fryslân miljoenen útlûkt om 75 prosint fan de ekologyske haadstruktuer ôf te meitsjen. De folsleine 100 prosint slagget net omdat it ryk hjir gjin jild yn stekke wol.
Foar de boeren is dit goed nijs omdat se no gjin lânbougrûn hoege ôf te stean. Kooistra ropt de politike partijen dan ek op om dit plan te stypjen en de natoerambysjes by te stellen.