Fjouwer partoeren foar keats-off binne bekend

23 jul 2017 - 22:00

De fjouwer partoeren dy't tongersdei stride moatte om it alderlêste plakje op de prestizjeuze PC, binne sneintejûn bekend wurden. It giet om de partoeren fan Remmelt Bouma, Jelte Visser en Nick Leistra. Dat fan André van Dellen, Tsjerk Elsinga en Jelmer Westra. Fierder Patrick van Dellen, Jouke Vlasbloem en Aloys Freitag en Jelte Pieter Dijkstra, Pier Piersma en Jan Schurer.

Dy fjouwer partoeren spylje tongersdei yn Frjentsjer yn de saneamde keats-offs. Sy stride dan om it lêste beskikbere plakje op de PC. Fyftjin partoeren binne al wis fan dielname oan de PC.

(advertinsje)
(advertinsje)