Publykspriis foar Jong Advendo op WMC yn Kerkrade

23 jul 2017 - 21:49

Jong Advendo fan Snits hat goede saken dien yn de striid om de kampioenstitel fan it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade. Se behellen op harren marsoptreden 91,67 punten en op de show mar leafst 92,75 fan de 100 punten. Dêrmei behellen se twa kear in earste priis mei de ûnderskieding en de publykspriis. Se binne no yn beide dissiplinen koprinner foar de titel Wraldkampioen. Folgjend wykein sil dúdlik wurde oft de titel nei Jong Advendo giet.

Yn de Rodahal spilen de fanfare-orkesten om de prizen. Yn de earste difyzje Fanfare kaam E.M.M. fan Aldegea (SWF) út. Sy behellen 88,25 fan de 100 punten. De Bazuin Stynsgea en Stêd Sleat kamen út yn de tredde difyzje fanfare. Sy behellen respektyflik 88,17 en 86 punten.

Kommend wykein komme noch trije orkesten yn aksje: Pasveer Ljouwert, Advendo Snits en Takostu Stiens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)