Stellingwerven yn de midsiuwen: dizze dagen filmopnamen

"Daor klept de klokke weer." Dat is de titel fan de film dy't dizze dagen yn it Stellingwerfs opnommen wurdt. Yn opdracht fan de Stichting Stallingwerver Schrieversronte wurdt de film makke foar bern út it basis -en fuortset ûnderwiis. Oan de basis leit it boek fan H. Hoogeveen út 1959. De film fertelt it ferhaal oer de perioade dat de Stellingwerven nei in soad striid de frijheid kwytrekke. It ferhaal spilet yn de midsiuwen.
De totale film kin yn acht dagen opnommen wurde. De sênes wurde opnommen yn it museumdoarp Orvelte, by de klokkestoel yn Nijeberkeap en op de Delleboersterheide. Snein wienen de haadrolspilers mei in soad figuranten by de tsjerke yn Aldeberkeap. Filmmakker Thomas Rovers út Grins regissearet de film.