Partoeren Zijlstra en Tuinenga winne keatserij yn Huzum

23 jul 2017 - 17:56

De keatsers Arnold Zijlstra, Pieter Jan Plat en Haye Jan Nicolay hawwe sneintemiddei de haadklassepartij foar de manlju yn Huzum wûn. Yn de finale waard it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Patrick Scheepstra mei 5-1 en 6-6 ferslein. Op dy stân pleatste Arnold Zijlstra in sitbal. It wie foar Zijlstra en Nicolay harren earste oerwinning op in haadklassepartij. De tredde priis wie foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-5 en 6-4 fan it partoer fan Bergsma.

By de froulju gie de winst nei Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra mei 5-5 en 6-6. Op it twadde plak einigen Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. De lytse preemje wie foar Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum.

De PC

It haadklassepartoer Jelte Pieter Dijkstra, Pier Piersma (fyftjin kear dielnimmer oan de PC) en Jan Schurer moat har pleatse foar de 164e PC kommende tongersdei op de keats-off. Fjouwer partoeren keatste dêr om it lêste beskikbere plak foar de PC.

(advertinsje)
(advertinsje)