Baarhúske fernield op begraafplak yn Stynsgea

23 jul 2017 - 16:35
Foto: Google Streetview

Op in begraafplak oan It West yn Stynsgea hawwe fandalen sneontenacht in saneamd baarhúske fernield. De behearder fan it begraafplak trof sneintemoarn in ravaazje oan. De doarren fan it húske wienen mei geweld iepenbrutsen en ferskate foarwerpen waarden troch de dieven meinommen.

Op Facebook wienen sneintemiddei in soad lilke reaksjes fan ynwenners te lêzen op de fernielingen. ''In en in triest'', en ''schandalig'' wienen reaksjes dy't foarby kamen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)