UPDATE: Frou licht ferwûne by ûngelok achtbaan Duinen Zathe

23 jul 2017 - 14:44

By it ûngelok yn attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea is sneintemiddei in frou licht ferwûne rekke. Dat kaam troch in probleem mei de achtbaan op it park. De frou siet mei har dochter yn in karke fan de achtbaan. Se rekke ferwûne doe't de karkes troch noch ûnbekende oarsaak yn it feilichheidssysteem skeaten en ûnferwachte ta stilstân kamen. It famke en har mem klapten dêrtroch tsjin de bûgel fan it karke. It famke hie neat, har mem hie wol inkelde blauwe plakken.

Hoe't it kin dat de achtbaan yn de feilichheidsstân skeat, is noch net bekend. Der wurdt moandeitemoarn noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok. Dan wurdt ek besjoen oft de achtbaan wol of net wer iepen kin.

Yn april fan dit jier sieten passazjiers fan de achtbaan ek al fêst mei harren karkes.

(advertinsje)
(advertinsje)