Sander Arends ferliest dûbelspulfinale yn Sweden

23 jul 2017 - 13:42
Fan links nei rjochts: Matwé Middelkoop, trainer Gerard van Hellemondt en Sander Arends

Sander Arends, de earste Fries op Wimbledon, hat snein mei syn maat Matwé Middelkoop yn in spannende partij de dûbelspulfinale fan it iepen Sweedsk kampioenskip yn Bastad ferlern. Arends en Middelkoop moasten it opnimme tsjin it Dúts-Eastenrykse duo Julian Knowle en Philipp Petzschner. De earste set gie mei 6-2 nei Knowle en Petzschner, mar de twadde set wie mei 6-3 foar Arends en Middelkoop.

Nei de 1-1 setstân waard it duel beslist yn in saneamde supertiebreak. Yn dy tiebreak lutsen Knowle en Petzschner oan it langste ein mei 10-7. Troch syn finaleplak yn Bastad hawwe Arends en Middelkoop wol 13.000 euro fertsjinne. Arends reizget no troch nei it tennistoernoai yn Gstaad. Hy sil dêr tegearre mei Robin Haase útkomme yn it dûbelspul.

Trefwurden: 
tennis Sander Arends
(Advertinsje)
(Advertinsje)