"Kringloopwijzer FrieslandCampina is net duorsum"

23 jul 2017 - 12:17

In soad boeren wolle graach ôf fan de sûnt dit jier ferplichte 'kringloopwijzer' fan suvelkoöperaasje FrieslandCampina. Yn dy wizer moatte boeren byhâlde wat der krekt oan stoffen as fosfaat en nitraat omgiet op harren bedriuw. Alle melkfeehâlders moasten dy kringloopwizer dizze maitiid ferplicht ynfolje, mar in soad boeren koene der mar min mei út de fuotten. Dat seit Foppe Nijboer út Boelensloane, de foarsitter fan Netwerk Grondig, in netwurk fan ekstinsive melkfeehâlders.

Neffens foarsitter Nijboer is de kringloopwijzer fan FrieslandCampina yn striid mei de namme hielendal net duorsum, mar earder yn it foardiel fan yntinsive bedriuwen mei in strontoerskot. Netwerk Grondig is dêrom útein set mei in hantekeninge-aksje tsjin it ferplichte karakter fan de kringloopwijzer. Dy aksje levere yn koarte tiid al mear as 500 hantekeningen op.

Knap lulk

Foppe Nijboer kin him 'knap lulk' meitsje oer it gebrûk fan de namme kringloopwijzer troch de Nederlânske suvelyndustry. "Ik bin al jierren dwaande mei de kringloopgedachte, mar de kringloopwizer stiet dêr hiel fier fan ôf." Netwerk Grondig bepleitet in 'grûnbûne' lânbou, wêrby't de boeren alle dong fan eigen fee kwyt kinne op eigen lân. Krekt dy kategory boeren hat neffens Nijboer grutte problemen mei de kringloopwijzer. It probleem kin sa oplost wurde troch dizze boeren net langer te ferplichtsjen om de kringloopwijzer yn te foljen, mar it is mar de fraach oft de NZO dêr wol oan wol.

Molke yn jarreput

It ferset tsjin de kringloopwijzer is oant no ta it fûlst yn Grinslân. Boer Henk Gommer út Zevenhuizen liet begjin dizze moanne syn molke sels fuortrinne yn de jarreput, omdat FrieslandCampina syn molke net mear ophelje woe. Gommer wegeret út prinsipe de kringloopwijzer yn te foljen. Hy fynt de wizer oerstallich. Meistanners fan Gommer hawwe yntusken by FrieslandCampina ôftwongen dat der meikoarten in ekstra distriktsgearkomste komt om oer de sin en ûnsin fan de kringloopwijzer te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)