Beammen skyld yn Wommels

Fandalen hawwe yn Wommels de bast fan trije beammen helle. De bast is mei in skerp foarwerp hast folslein fan de beam skyld. De kâns is grut dat de beammen dit net oerlibje. It giet om beammen op de Terp en by it Freulefjild. De skea is sa'n 3.000 euro.
De gemeente hat ûndertusken oanjefte dien by de plysje en freget om elkenien dyt wat sjoen hat fan de dieders, of oare ynformaasje hat oer dizze fernielings, dit te melden by de gemeente of de plysje.