Brân by waskerij Modres op It Hearrenfean troch koartsluting

Sneintemoarn betiid wie der brân by waskerij Modres by de haadbrêge fan It Hearrenfean. Der waard alaarm slein troch bewenners boppe de waskerij. Dy rûkten brân en reek, mar seagen yn earste ynstânsje gjin brân. By ynspeksje troch de brânwacht die bliken dat der brân wie yn de waskerij ûnder de wenten. Dêrop waarden foar de feilichheid 29 bewenners troch de plysje út harren apparteminten helle.

It slagge de brânwacht om it fjoer te beheinen oant de waskerij sels. In brânende waskmasjine waard troch de brânwacht nei bûten brocht. De brânwacht hâldt der rekken mei dat dy ek de oarsaak wie fan de brân. Yn de waskerij is flinke skea. De bewenners boppe de waskerij koene nei frij koarte tiid wer nei harren appartemint werom.