Ferreinde fierljepwedstriid yn Drylts, tiisdei twadde kâns

22 jul 2017 - 21:04
Der koe sneontejûn net ljept wurde yn Drylts - Foto: Martin de Jong

De fierljepwedstriden yn Drylts binne sneontejûn fanwegen it minne waar net ôfmakke. Troch ferskate reinbuien wie it foar de ljeppers net mear mooglik harren sprongen ôf te meitsjen. De sprongen dy't al notearre wienen, binne ûnjildich ferklearre.

De wedstriid wurdt no tiisdei fan sân oere ôf ynhelle op deselde lokaasje yn Drylts. Der wie sneontejûn in soad publyk op de wedstriid ôfkaam, mar dat koe al gau wer nei hûs.

Trefwurden: 
fierljeppen Drylts waar rein
(advertinsje)
(advertinsje)