FIDEO: Tûzenen taskôgers op iepen dei SC Hearrenfean

22 jul 2017 - 19:01

Sportklup Hearrenfean hie sneontemiddei de jierlikse iepen dei. In drokbesochte dei, ek mei troch it moaie waar. Nei skatting kamen der sa'n 9.000 taskôgers op de iepen dei ôf, ûnder oare foar de grutste stoarmbaan fan 'e wrâld: 350 meter lang.

Fierder koenen de besikers sjen hoe hurd se sjitte koenen en makken se in slach troch de spilersbus.

(advertinsje)
(advertinsje)