SC Hearrenfean wint oefenpot tsjin Gençlerbirliği SK

22 jul 2017 - 18:03
SC Hearrenfean wie sterker as Gençlerbirliği SK - Foto: Martin de Jong

SC Hearrenfean hat sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin Gençlerbirliği SK mei winst ôfsletten. Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean waard de Turkske ploech út de haadstêd Ankara mei 1-0 ferslein. It iennige doelpunt foar de Feansters foel yn de 39e minút, makker wie Martin Ødegaard.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Høegh, Van Aken, Pierie (75. Cavlan), Schaars (35. Van Amersfoort), Thorsby (75. Veerman), Ghoochannejhad, Ødegaard, Schmidt, Johnsen (75. Vlap), Kobayashi.

(Advertinsje)
(Advertinsje)