Swimmers oppast: blau-alch yn wetter Griene Stjergebiet

22 jul 2017 - 16:54
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn it wetter fan it Griene Stjergebiet by Ljouwert is sneontemiddei blau-alch oantroffen. Foar swimmers jildt dêrom in warskôging foar minne wetterkwaliteit. Ek de besikers fan it festival Welcome to the Village moatte der rekken mei hâlde dat der blau-alch yn it wetter sit.

Swimmers kinne troch blau-alch ûnder oare lêst krije fan de hûd. Op de webside fan Zwemwater.nl fine jo in aktueel oersjoch fan de wetterkwaliteit fan swimplakken yn hiel Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)