Deade man is 82-jierrige Dokkumer, misdriuw útsletten

22 jul 2017 - 16:23

De man dy't sneontemoarn dea yn de Dokkumer Ie yn Dokkum fûn waard, is in 82-jierrige ynwenner fan dy stêd. Dat hat de plysje sneontemiddei bekend makke. De man is net in slachtoffer fan in misdriuw wurden. Syn lichem waard sneontemoarn om goed healwei achten fûn oan de Altenastreek yn Dokkum.

It skipfeartferkear waard stillein en it stoflik omskot is troch dûkers fan de brânwacht út it wetter helle. Om de identiteit fêst te stellen is seksje op it lichem útfierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)