Muzykferiening OpMaat fan Berltsum giet yn augustus wer los

22 jul 2017 - 14:19

By it doarpsfeest yn Berltsum yn de lêste wike fan augustus, sil muzykferiening OpMaat wer gewoan foar de optocht út marsjearje, krekt as hie der gjin grutte brân west yn it repetysjelokaal. Dat is de ferwachting fan foarsitter Jaap Akkerman, krekt ien wike nei de brân.

By dy brân fan ferline wike sneon is al it slachwurk fan it korps ferlern gongen en in grut part fan de oare ynstruminten en de blêdmuzyk. Mar de muzykferiening hat de ôfrûne wike fan alle kanten help oanbean krigen. Akkerman ferwachtet ek dat OpMaat wol muzykynstruminten oernimme kin fan 'sliepende' muzykferieningen út oare plakken. "Der is hiel wat bard, de ôfrûne wike", fertelt Akkerman. "It kin wêze dat op guon ynstruminten noch in logo fan in oare feriening stiet, mar as it heal kin dogge wy yn augustus wer gewoan mei oan it doarpsfeest."

(Advertinsje)
(Advertinsje)