Lip súksesfol tsjin FC Twente

27 okt 2011 - 10:09

Dêr't Harkemase Boys net stunte koe tsjin SC Hearrenfean, wie Genemuiden wol tichtby in stunt tsjin FC Twente. Mei Lemster Patrick Lip yn de basis makken de amateurs it de profs knap lestich. Twente kaam wol op foarsprong, mar Lip soarge foar de prachtige 1-1. Genemuiden kaam sels op foarsprong, mar úteinlik waard Twente krekt op tiid wekker. De Tukkers kamen mei 4-2 foar, mar mei syn twadde goal soarge Patrick Lip foar de 4-3 einstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)