Plysje Noard-Nederlân docht proef mei 'stroomstjitwapen'

De ûndersteuningsteams fan plysje Noard-Nederlân dogge twa jier lang in proef mei in 'stroomstjitwapen'. Op dit stuit beskikt de plysje al oer in wapenstok, pepperspray en in pistoal, mar yn guon sitewaasjes kin it gebrûk fan de saneamde taser goed útkomme. Benammen as de pepperspray net effekyf is en it pistoal in te grut middel is. De ferwachting is dat de taser benammen brûkt wurde sil by de oanhâlding fan betize minsken dy't ûnder ynfloed binne fan bygelyks drugs.

Sicco Jonker is dosint IBT (Integrale Beroepsvaardigheids Training). Neffens him is de taser net in hiel gefaarlik wapen. "Stúdzjes hawwe útwiisd dat de risiko's foar de sûnens hiel lyts binne." De risiko's binne it grutst as de fertochten op de grûn falle, omdat se tydlik gjin kontrôle oer harren liif hawwe.