Muzykprojekt 'Kickstart' super

29 maaie 2012 - 21:26

It muzykprojekt Kickstart yn Tytsjerksteradiel is sa'n grut súkses dat der mooglik takom jier in ferfolch komt. De organisaasjes besykje genôch jild byelkoar te krijen. By it projekt wurde skoalbern op in leechdrompelige wize yn kontakt brocht mei muzyk. Se leare om op in ynstrumint te spyljen en foarmje in band. Yn Tytsjerksteradiel diene hast 300 bern mei.

Hichtepunt is takom wike woansdei as se optrede foar Prinses Maxima yn Amsterdam. Sy hat it programma Kinderen Maken Muziek, dêr't Kickstart ûnder falt, betocht.

175 bern geane yn de bus nei Amsterdam en sjonge en spylje twa ferskes foar de prinses.

Trefwurden: 
Kickstart muzykprojekt
(Advertinsje)
(Advertinsje)