Plysje hâldt man oan foar skeinen goede seden

De Ljouwerter plysje hat freed by de Griene Stjer in man oanhâlden foar it skeinen fan de goede seden. De man soarge earder op de dei foar opskuor op de Izerdastins yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. De man wie dêr dwaande om himsels te befredigjen op de iepenbiere wei. Dat man waard troch in tsjûge trapearre. Dat wie flakby in basisskoalle.

De plysje hie de bewuste man al langer op it each, mar hat no dus in tsjûge. Mear tsjûgeferklearrings binne wolkom by de Ljouwerter plysje.