Plysje hâldt fiif minsken oan nei stellerij yn supermerk

22 jul 2017 - 11:11
Foto: ANP

De plysje fan De Fryske Marren hat sneontemoarn op de Jouster Séwei fiif minsken oanhâlden op fertinking fan stellerij út in supermerk. De plysje waard alarmearre troch meiwurkers fan de Jumbo. De supermerk hie sneontemoarn gelyk nei de iepening in pear 'ferfelende klanten' oer de flier. Dy namen guod mei sûnder te beteljen en setten dat yn de kofferbak fan de auto.

Winkelmeiwurkers notearden it kenteken fan de auto. De plysje wie flakby en koe de auto sa oan de kant sette. Yn de auto sieten fiif minsken. De plysje hat dy alle fiif oanhâlden en beskôget se ek alle fiif as fertochte. De auto is yn beslach nommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)