A7 by Wûns skoft ôfsletten fanwege brân yn bestelbus

De A7 tusken Surch en Boalsert hat sneontemoarn in skoft ôfsletten west foar al it ferkear. By Wûns stie in bestelbus yn brân. It is net dúdlik oft dêr ek minsken by ferwûne rekke binne. De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat it buske foar in grut part útbaarnde.
Fanwege de fûle útslaande brân waarden de twa súdlike rydbanen in skoft ôfsletten. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.