Toeristen op It Amelân kleie faker

22 jul 2017 - 09:08

Hieltiid faker hawwe fakânsjegongers op It Amelân nei har ferbliuw klachten of opmerkingen. It giet om in taname yn it tal reaksjes fan 20 oant 25 persint oer de lêste jierren. No al is in meiwurker fan it VVV dêr alle dagen wol fjouwer oeren mei dwaande, seit direkteur Cinto Prosperi fan it VVV op It Amelân. Hy seit dat konsuminten hieltyd kritysker wurde.

De kâns is grut dat yn 2017 foar it fjirde jier in omsetrekôr helle wurdt yn de toeristyske sektor op it eilân, mar Prosperi warskôget de ûndernimmers om wach te wêzen en op de kwaliteit te letten. Probleem dêrby is it tekoart oan meiwurkers. De ûndernimmers draaie dêrtroch faak sels foar it wurk op en kinne net al har ferplichtingen neikomme.

It Amelân hat alle jierren 2 miljoen oernachtingen. In flink oantal gasten komt út Dútslân. Sy komme ek mei opmerkingen en klachten, mar binne faak minder direkt as Nederlanners en fertelle yn earste ynstânsje wat der wol goed wie. Pas dêrnei komme se mei krityk.

2009 wie it minste jier foar It Amelân. Troch de krisis waard der minder jild útjûn troch de fakânsjegongers. 2014, 2015 en 2016 wiene hiele goede jierren, mei hieltyd hegere bestegingen. Dit jier falt op dat de bungalows en hotels yn it middensegmint it relatyf minder goed dogge. Der is wol groei, mar folle minder as yn it hegere segmint. Gastfrijheid en kwaliteit is hiel belangryk, seit Prosperi. Klachten en opmerkingen moatte net sjoen wurde as 'geseur', mar beskôge as feedback dêr't wat mei dien wurde moat.

Trefwurden: 
toerisme kleie It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)