Kollum: "De Nobelpriis foar Donald Trump"

"Der binne minsken dy’t bisten sa belangryk fine dat se der in partij foar oprjochte ha. Dy minsken neame it ôfsjitten fan guozzen massamoard. Dêr soenen je in kollum oan weagje kinne.

Der binne minsken dy’t graach nei festivals geane. Dy festivals soargje foar oerlêst, dus folget der in rjochtsaak mei salvjende wurden. Alles kin trochgean, de gemeente krijt de skuld en de organisatoaren skriuwe eufoarysk harren wichtichste platfoarm Facebook fol mei dat de rjochters gelokkich it folk brood en spelen jûn ha.

Oer al dy leave krobben en keverkes dy’t dy festivalgongers deawâdzje hearre jo dy biste-aktivisten dan wer net, nee, de kâns is grut dat sy der sels ek graach hinne geane en dan moatte jo in ôfwaging meitsje. Lokkich is der wikseljild, want op de snein is yntiids foar organisaasje en artysten allinnich fegetarysk iten. Ek dat soe in kollum wurdich wêze. Want wat as jo as artyst sneins graach in karbonaadsje ha wolle? Moatte jo je dan ûnder de festivalgongers bejaan om in tige hippe ‘Food experience’ op te sykjen? Of like prinsipjeel wêze as de organisaasje en sizze dat je net komme omdat je fine dat jo ek op snein rjocht ha op jo karbonaadsje?

Dan hawwe je wethâlders, direkteuren en skouboargen yn Fryslân. Mar dêr is al safolle oer skreaun dat ik dat no mar net doch. De haadredakteur fan de Ljouwerter Krante hie datoangeande de keutel dizze wike by it skjinne ein yn syn haadredaksjoneel kommentaar.

Je ha ek minsken dy’t ûnder de oanfleanrûte fan in fleanbasis wenje en lêst ha fan oerfleanende oarlochsfleantugen. Dy minsken kleie dêr oer, mar der feroaret net folle oan de situaasje. Hjir is ommers it lânsbelang yn it geding. En dat wurdt faaks as wichtiger sjoen dan de oerlêst. Wy wenje mei safolle folk op de postsegel dy’t Nederlân hjit, dat der nearne in fleanfjild sûnder oerlêst foar bewenners wêze kin. Ek dat is stof foar in kollum.

Mar eh... eins wol ik dêr allegearre net oer ha. Want neffens in tige foaroansteand wittenskipper binne jo en ik mei syn allen dwaande om yn rekordtiid de planeet ierde nei de soademiter te helpen. Dat hellet it nijs wol, mar it gros fan de minsken knikt even begripend en sjocht dan wat der jûns op TV komt. It is net populêr om te sizzen dat we mei syn allen ús rûne bol oan it deaknuffeljen binne. Nee, it is simmer, dus moatte wy ferplicht genietsje fan it absurde simmerwaar, dat we sels feroarsaakje mei al ús konsumearjen, genietsjen en al mar mear bern op de wrâld sette.

Dizze wike belle ik mei immen dy’t in freon hat dy’t yn in hast folslein klimaatneutraal hûs wennet. De ferwaarming komt fan ierdwaarmte, dat is frijwat simpel op trijehûndert meter djipte te krijen. Ien fan myn earste bazen, yngenieursburo AP van den Berg op It Hearrenfean, is dêr al jierren mei dwaande. In pear sinnepanielen op it dak en klear. Dy minsken ha gjin gasoansluting mear. Is der no net ien as oare tûke lobbyist dy’t dat dy wrâldfrjemde materialist yn it Wite Hûs yn Washington oan it ferstân peuterje kin? As se de ierdwaarmte fan bygelyks Yellowstone National Park duorsum brûke en alle oare fossile brânstoffen ôfbouwe, is Trump ryp foar de Nobelpriis. As dy lobbyist it no sa bringt dat Donald it sels betocht hat, is er der miskien ek noch wol foar te finen. We moatte Trump syn poadium Twitter mar yn de gaten hâlde. Hy koe ek presidint wurde, dat alles is mooglik."