UPDATE: Deade persoan oantroffen yn wetter binnenstêd Dokkum

22 jul 2017 - 11:36

Sneontemoarn om healwei achten is yn Dokkum in deade persoan oantroffen yn it wetter lâns de Altenastreek. De brânwacht hat mei help fan it dûkteam it stoflik omskot út it wetter helje. Dat slagge om healwei njoggenen. De omjouwing fan it fynplak waard dêrfoar mei grutte skermen ôfset.

De plysje is oanslutend útein set mei it ûndersyk nei de identiteit fan de persoan. Ek wol de plysje graach witte hoe't en wannear't de persoan yn it wetter bedarre is en wat de oarsaak fan it ferstjerren is.

De plysje hat oanslutend in lykskôging útfierd op it lichem dat sneontemoarn fûn is yn de Dokkumer Ie. De plysje hat foarearst gjin reden om oan te nimmen dat der in misdriuw yn it spul is, mar ûndersiket noch alle opsjes. De plysje hopet yn 'e rin fan de dei mear melde te kinnen oer de útkomst fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
deade persoan wetter Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)