Mollema fielt him Grinslanner mei Fryske roots

21 jul 2017 - 22:12
Foto: ANP

Hurdfytser Bauke Mollema fielt him in Grinslanner mei Fryske roots. Dat seit hy tsjin de NOS. Dizze wike ûntstie in diskusje oer de fraach oft Mollema no in Fries as in Grinslanner is. Oanlieding wie in ynstjoerd stik fan syn pake Wim Bangma út Dokkum. Dy sei yn it Friesch Dagblad dat Mollema in Fries is.

Syn foarâlden komme wol út Fryslân, mar Mollema is berne yn Grins en waard grutbrocht yn Zuidhorn. Tsjin de NOS seit Mollema no dat hy him mear Grinslanner fielt. Hy kin wol laitsje om alle reaksjes dy't de diskusje ôfrûne wike opsmyt. "Maar het maakt mij verder niet uit. Misschien ben ik wel een beetje van beide."

(Advertinsje)
(Advertinsje)