Plan klaaidosjitbaan soarget foar ûnrêst op It Amelân

21 jul 2017 - 20:47

Op It Amelân is ûnrêst ûntstien troch plannen fan ûndernimmer Robert Oud om in klaaidosjitbaan oan te lizzen op it terrein fan it fleanfjild. De gemeente hat al in fergunning ôfjûn, mar der kin noch beswier oantekene wurde. Ien fan de beswiermakkers is Jane Bakker. Sy ferhiert yn de buert fan it plak dêr't de sjitbaan komme moat fakânsjeferbliuwen. Bakker is benaud foar oerlêst foar har klanten, dy't foar de rêst nei it gebiet komme. Neffens har soarget it sjitten no al foar oerlêst en sy is benaud dat dit nei de oanlis fan de nije sjitbaan slimmer wurde sil.

Inisjatyfnimmer Robert Oud kin him net fine yn de krityk op de plannen. Neffens him skoot de hjoeddeistige sjitbaan krekt 800 meter op, fierder út de buert fan de fakânsjeferbliuwen. Dêrneist hat Oud nei eigen sizzen tûzenen euro's yn allerhanne ûndersiken stutsen, der't út bliken docht dat der hast gjin oerlêst is foar de toeristen.

Oud is al sa'n sân jier dwaande om de plannen foar de nije klaaidosjitbaan fan de grûn te krijen. Hy hat dit mei de gemeente en de foarsitter fan doarpsbelang oerlein. Oud stiet iepen foar oerlis om syn plannen ta te ljochtsjen.

Trefwurden: 
klaaidowen It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)