Man út Koatstertille krijt 18 moannen fanwege drugshannel

© ANP XTRA
In 31-jierrige man út Koatstertille moat fan de rjochter 18 moannen de finzenis yn, wêrfan seis moannen ûnder betingst. De man ferkocht yn syn wenplak in healjier lang speed, xtc en ghb. Hy brûkte de drugs sels ek. De man moat him boppedat behannelje litte foar syn ferslaving.
In eardere behanneling slagge net, de man brûkte doe stikem ghb. Hy hie ek ferbeane wapens yn syn besit, wêrûnder in stroomstjitwapen en in pistoal mei munysje.