Cambuur ferliest oefenwedstriid fan Sparta

21 jul 2017 - 20:01

SC Cambuur hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin Sparta Rotterdam mei 1-0 ferlern. Op it sportfjild yn Frjentsjer kaam de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen nei 18 minuten spyljen op efterstân troch in Rotterdamske treffer fan Mark Veenhoven. De Ljouwerters hiene foar rêst genôch kânsen om de 1-1 binnen te sjitten, mar Stefano Lilipaly en Martijn Barto slaggen der net yn it net te finen.

Yn in slotoffensyf hie Lilipaly de lykmakker op 'e skoech, mar syn folley gong krekt njonken de touwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)