"De drankflessen fleagen troch it kafee"

21 jul 2017 - 19:33

"Minsken waarden oer de bar hinne slingere en drankflessen fleagen troch it kafee." Kevin Terpstra stie tongersdeitejûn as DJ yn in disko op Kos doe't it eilân troffen waard troch de ierdbeving. Hy wie noch mar fjouwer dagen op it eilân, doe't er ferrast waard troch de ierdskok. "Ik tocht earst der stiet ien neist my te springen of sa", fertelde er yn it radioprogramma Weistra op wei. "Automatysk hâldst dy fêst en sjochst ynienen allegearre minsken fallen. Dan komt it besef: miskien is it wol in ierdbeving."

Nei't de muzyk útfoel, waard elkenien nei bûten stjoerd. Efkes like it as koe de feestjûn dêrnei wer trochgean. "Nei dy earste skok binne wy sels wer nei binnen gong om de boel op te romjen. Mar doe kamen der minsken lâns dy't rôpen dat it in oanfal fan Isis wie en dat der in tsunamy nei it eilân kaam. Doe binne wy nei de berch flechte yn ôfwachting fan wat der noch komme soe."

Fjouwer oeren lang siet Kevin op de berch, foar't er de skea mei eigen eagen beseach. Benammen yn it sintrum binne in soad âlde gebouwen sneuvele. It kafee dêr't hy as DJ draait is der knap fan ôf kaam. "Dat is in bak beton, dus dat hat ús rêding west." Oer nei hûs gean, hat de DJ gjin momint tocht. "Ik bliuw hjir noch oant nije wike. Yn prinsipe is der neat oan de hân. It is net sa dat ik no tink; ik pak it fleantúch wer nei hûs ta."

Trefwurden: 
Kos Kevin Terpstra ierdbeving
(Advertinsje)
(Advertinsje)