Wat bart der mei de fertochte yn de saak Bert Jonker?

21 jul 2017 - 18:22

Tongersdei waard Charles van der W. oanhâlden yn Spanje as fertochte fan de sjitpartij by Thialf, dêr't sakeman Bert Jonker besketten waard. Plysje yn Nederlân hie kollega's yn Spanje frege om de oanhâlding en útlevering fan Van der W. Mar hoe giet it no fierder mei de saak?

Lange procedure

"Wanneer een verdachte in het buitenland zit, is het allereerst zorg om te checken of er een verdrag is met dat land", leit advokaat Bart Canoy út. "Wanneer dat het geval is, gaat er een lange procedure van start, waarbij Nederland moet aangeven waar de persoon van wordt verdacht. Daarna kan Spanje besluiten om tot uitlevering over te gaan."

Bulte papierwurk

Dat is noch in hiele bulte papierwurk, wit Canoy út eigen ûnderfining. "De verdachte mag eerst zijn onschuld aantonen bij de rechter. Hij krijgt een eigen advocaat toegewezen. De rechter besluit uiteindelijk of de uitlevering toelaatbaar is."

Beslút ta útlevering

In lân kin nammentlik beslute om net ta útlevering oer te gean. Bygelyks as de fertochte kâns rint om de deastraf te krijen foar it delikt dêr't er fan fertocht wurdt. "Nederland levert bijvoorbeeld geen verdachten uit als de doodstraf dreigt", fertelt Canoy.

Finzenisstraf

Sa lang as de proseduere rint, sit Van der W. fêst yn in Spaanske finzenis. Mocht letter blike dat er ûnskuldich is, dan kin er in skeafergoeding easkje. En as Van der W. wol finzenisstraf kriget, dan wurdt de tiid dat er yn Spanje efter de traaljes siet, fan syn straftiid ôflutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)