90-jierrige Fries is âldste Vierdaagse-finisher

21 jul 2017 - 17:41

De 90-jierrige Jurjen Pal fan It Hearrenfean is dit jier de âldste dielnimmer dy't de Nijmeegse Vierdaagse útrûn hat. Hy die foar de tritichste kear mei.

Pal wie net de âldste dielnimmer dy't him ynskreaun hie. Dat wie ien fan 94 jier, mar dizze dielnimmer begûn tiisdei net mear oan de twadde dei. De jongste dielnimmer dy't de Vierdaagse útrûn hat, is de 11-jierrige Maud Molemans út Nijmegen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)