Betonbommen en kapsulen fûn by Fiifhuzen

21 jul 2017 - 17:23

Yn Noard-Fryslân bûtendyks by Fiifhuzen binne tolve betonbommen en tritich kapsulen mei fergiftich soer fûn. It Fryske Gea lit in spesjaal opspoaringsteam de bommen en kapsulen fuort helje.

De eksplosiven lizze gewoanwei djip ûnder it slyk en kinne dan gjin kwea, mar wurde no opgroeven yn it ramt fan it projekt Fiifhuzen 'Fan Swiet nei Sâlt.' Op dit plak komt in unike oergong fan swiet nei sâlt wetter.

It gebiet wie yn de Twadde Wrâldoarloch oefenterrein foar de Dútsers. Yn de betonbommen sieten kapsulen mei soer. Sadree't de bommen de grûn rekken, knapten de kapsulen en kaam it soer frij, dat begûn te rikjen. Fanút de bunker op it Noarderleech koene de Dútsers oan de reek sjen wêr't de bommen delkaam wiene.

Trefwurden: 
betonbommen kapsules
(Advertinsje)
(Advertinsje)