Mooglik botulisme by Narderbuorren yn Wergea

21 jul 2017 - 17:18
(argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn de omjouwing fan de Narderbuorren yn Wergea binne deade en sike einen fûn. De bisten binne nei alle gedachten deagien troch botulisme. It soe gean om type C, seit de gemeente Ljouwert. Dit type is net gefaarlik foar minsken, wol foar bisten. De gemeente hat dêrom de boerebedriuwen yn de omjouwing op de hichte brocht.

Oft it echt om botulisme giet, wurdt no útsocht. Nije wike wurdt de útkomst bekend makke.

Trefwurden: 
Wergea botulisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)