Direkteur Ankersmit: "Wy wisten net dat it kwik dêr stie"

Direkteur Jan Ankersmit fan de Julianaskoalle yn Snits hie him it begjin fan de simmerfakânsje krekt wat oars foarsteld. De direkteur waard tongersdeitejûn om healwei njoggenen belle troch in kollega, dy't krekt dêrfoar in telefoantsje fan ferûntrêste âlden út Snits krigen hie. In jonkje fan de skoalle hie tongersdei op de lêste skoaldei in potsje mei kwik fûn yn in stellingkast op skoalle en meinaam nei hûs. "Wy wisten net dat it potsje dêr stie", joech Ankersmit ta yn in petear by radioprogramma Weistra op wei.
Op aventoer troch skoalle
"Ik wurkje 17 jier op de Julianaskoalle en yn al dy jierren bin ik noch nea kwik tsjinkaam." Dochs stiene der twa potsjes fan it giftige guod yn in hege stellingkast. Op de lêste skoaldei gongen twa learlingen op aventoer en ûntdutsen ien fan de potsjes, dat stikem meinaam waard nei hûs. It jonkje griemde it guod ûnder oare yn it boarterstûn. Doe't syn heit en mem efter de fynst kamen, warskôgen sy de plysje.
Net lilk, wol ferbjustere
De direkteur reizge tongersdeitejûn fuort nei Snits ta om yn petear te gean mei de famylje. "Dy wie net lilk, mar benammen ferbjustere dat it guod noch op skoalle te finen is. Ik ha útlein dat wy al jierren gjin kwik mear brûke, mar dat wy dizze potsjes ferjitten binne op te romjen."
Protokol
Der is in protokol op skoalle om gefaarlike stoffen te bewarjen. "Wy ha noch in ekstra ynspeksje dien en fûnen doe it twadde potsje mei kwik, dat wy opromme hawwe. Wy kinne no oan de simmerfakânsje begjinne, mar ik hie my it begjin fan de fakânsje wol wat oars foarsteld."