Bou beurtskip 'Dorp Grouw' ferrint flot

21 jul 2017 - 16:19
It beurtskip Dorp Grouw - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It restauraasjewurk oan it beurtskip 'Dorp Grouw' is in moai ein ûnderweis. De groep wurksykjenden dy't yn in loads yn Droegeham drok dwaande is mei de metaalbewurking fan it skip is hast klear. Nei de simmerfakânsje ferhuzet it beurtskip nei it skûtsjemuseum yn Earnewâld. Dêr geane dan minsken oan de slach mei de houtbewurking.

It opknappen fan it skip is in wurkûnderfiningsprojekt fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Meardere minsken dy't oan it projekt mei dien ha, ha yntusken in baan fûn. It beurtskip sil aanst brûkt wurde foar rûnfearten tusken Snits en Hylpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)