GemeenteBelangen stelt fragen oer let beteljen gemeente

21 jul 2017 - 16:09
Foto: ANP

GemeenteBelangen Achtkarspelen makket him soargen oer it minne beteljen fan de gemeente. Ut in oersjoch fan it ministearje fan Ekonomyske Saken dat nei de Twadde Keamer stjoerd is, docht bliken dat Achtkarspelen fan alle Fryske gemeenten de minste beteller is.

Mar twatredde fan alle rekkens wurdt op 'e tiid betelle, seit GemeenteBelangen. "It is moai om as gemeente boppe-oan op in list te stean, mar net op elke list", seit de partij. GemeenteBelangen wol witte oft Achtkarspelen maatregels naam hat om tenei de rekkens rapper te beteljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)