Selstraf eakse tsjin Drachtster om ûntfiering

21 jul 2017 - 16:08

Tsjin in frou út Drachten is twa jier sel wêrfan acht moanne ûnder betingst easke, omdat se in man út Almelo ûntfierd, mishannele en bedrige hat. Oanlieding wie in konflikt oer it beteljen fan hier.

Jild

De man hie op in camping yn Boelensloane in sjalet hierd, mar kaam dêr op werom. Doe't er op de camping wie, ûntstie der spul mei de ferhierder, omdat dy jild ha woe en de man út Almelo gjin jild hie.

Fjoerwapens

De frou út Drachten bemuoide har dermei. Sy en in oare man namen it slachtoffer mei yn in auto en soenen him doe mei in pear fjoerwapens bedrige ha.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)