Huizenga nei Rabo-oplieding

© Omrop Fryslân
Jenning Huizenga makket de oerstap fan Koga Ubbink nei de opliedingsploech fan de Rabobank. De 27-jierrige hurdfytser fan Frjentsjer tekenet in kontrakt foar ien seizoen. Huizenga rjochtet him yn earste ynstânsje benammen op it baanhurdfytsen. Hy wol him pleatse foar de Olympyske Spelen fan 2012.
Dêrneist sil Huizenga ek wedstriden op de dyk fytse. Dit jier wûn hy ûnder oare de tiidrit fan de Tour de Moselle en waard hy dêr 3e yn it einklassemint.