Friso Bouwgroep bout op fleanbasis Ljouwert foar komst F-35

De Friso Bouwgroep hat de opdracht krigen om op de fleanbasis Ljouwert in nij kantoar- en simulatorgebou del te setten foar de F-35. It tastel komt yn 2019 nei Ljouwert en dêr binne tal fan nije gebouwen foar nedich.
Friso is al oan de gong mei it wurk. It bedriuw set tritich man eigen personiel yn. It gebou moat ein takom jier klear wêze.